The Vikings (film)

The Vikings
film
makkers
regisseur Richard Fleischer
produsint Jerry Bresler
senario Calder Willingham
Dale Wasserman
basearre op The Viking fan Edison Marshall
kamerarezjy Jack Cardiff
muzyk Mario Nascimbene
filmstudio Bavaria Film
Bryna Productions
Curtleigh Productions
distribúsje United Artists
spilers
haadrollen Kirk Douglas
Tony Curtis
voice-over Orson Welles
byrollen Janet Leigh
Ernest Borgnine
James Donald
Frank Thring
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
Dútslân
premiêre 11 juny 1958
foarm langspylfilm
sjenre histoaryske aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $3,5 miljoen
opbringst $13,2 miljoen

The Vikings is in Amerikaansk-Dútske histoaryske aventoerefilm út 1958 ûnder rezjy fan Richard Fleischer, mei yn 'e haadrollen Kirk Douglas en Tony Curtis. De film waard opnommen yn Technicolor. It senario wie basearre op 'e roman The Viking, fan Edison Marshall, dy't sels wer fierhinne basearre wie op 'e Aldnoarske sêgen oer de Wytsing Ragnar Lodbrok en syn soannen. De plot fan The Vikings folget in rige dramatyske foarfallen yn 'e njoggende iuw, sawol mank de Wytsingen as yn it Angelsaksyske Keninkryk Noardumbrje. Se binne yn gong setten troch de Wytsinghaadman Ragnar, mar goed tweintich jier letter wurdt er der sels it slachtoffer fan. Nettsjinsteande negative resinsjes fan 'e filmkritisy ûntjoech The Vikings him ta in grut kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Nelliwinne